FNP net by Keamerferkiezings

© Omrop Fryslân
De FNP docht net mei oan de Twadde Keamerferkiezing yn 2007. Dat hawwe de leden fan de partij freed besletten op in gearkomste yn Wurdum.
It ôfrûne jier is ûndersocht of de FNP yn gearwurking mei de Partij van het Noorden oan de ferkiezing dielnimme kinne soe. Beide partijen hawwe ek tegearre in sit yn de Earste Keamer. Dat soe kinne, mar oars siket de FNP stipe by oare regionale partijen, lykas dy yn Seelân.