Jonge dieven út Grou oanholden

20 maaie 2006 - 12:48

De plysje Grou hat sân jongeren fan fyftjin oant achttjin jier oanholden. Dêrmei binne in grut tal stellerijen oplost. De jongeren hiene gsm's, mp3-spilers en jild bútmakke op in skoalle. Se bekenden ek dat se yn in hûs ynbrutsen hiene.

Dêr namen se autokaaien mei en dêrmei makken se in auto iepen. Op in oar plak brutsen se in auto iepen. As earste waard in jonge (16) út Jirnsum oanhâlden, dêrnei de rest fan de groep.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)