Planetarium no ´keninklik´
It Eise_Eisinga_Planetarium yn Frjentsjer mei himsels sûnt freed ´keninklik´ neame. It planetarium fierde freedtemiddei syn 225-jierrich bestean. Eisinga boude it planetarium tusken 1774 en 1781.
Hy die dat nei´t predikant Eelco_Alta fan Boazum foarsein hie dat de ein der tiden der oan kaam. Planeten soene op inoar botse en sa soe de ierde ferbaarne yn de sinne. Eisinga woe bewize dat dat wol tafoel.