'Analoge stjoerder moat bliuwe'

© Omrop Fryslân
ROOS, de organisaasje fan regionale omroppen, is tsjin it ôfskaffen fan analoge tv-stjoerders lykas dy fan Jirnsum. It kabinet wol de analoge stjoerders op 30 oktober útskeakelje. Dit soe betsjutte dat it bûtengebiet net mear nei Omrop Fryslân sjen kin.
De satellyt kin in alternatyf wêze, mar útstjoere oer de satellyt kostet 2 miljoen yn't jier foar alle regionale omroppen. ROOS fynt dat de nasjonale oerheid dit betelje moatte soe.