CDA Fryslân wol generaal pardon

19 maaie 2006 - 20:05

It CDA-Fryslân fynt dat der op 1 july in generaal pardon komme moat foar alle asylsikers dy't ûnder de âlde wet nei Nederlân kamen. De Steatefraksje en it Fryske partijbestjoer fan it CDA bepleitsje dit yn in brief oan it kabinet en de eigen 2e Keamerfraksje.

Neffens it Fryske CDA wurdt lanlik alle war dien om gau in paspoart foar Ayaan Hirsi Ali te krijen. De partij makket him no soargen oer de posysje fan tûzenen flechtlingen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)