Ofspraak oer fangst snoekbears

© Omrop Fryslân
Sport- en beropsfiskers yn Fryslân begrave de striidbile oer de fangst fan snoekbears. Der is al tritich jier striid nei't de sportfiskers it rjocht om op snoekbears te fiskjen oerkochten fan de beropsfiskers.
De beropsfiskers wolle no ek graach op snoekbears fiskje om't de ielfangsten bot werom rinne. Der is no ôfpraat dat beropsfiskers foar elke bunder fiskwetter ien kilo snoekbears meinimme kinne as byfangst.