Spesjaal liet Friesland Vaart

© Omrop Fryslân
Sjonger Jan Tekstra hat in liet makke spesjaal foar it wettersportevenemint Friesland Vaart. It evenemint giet oer in moanne fan start. It liet is makke om in protte minsken fan bûten Fryslân nei it evenemint te lûken.
Tongersdei waard op in âlde sleepboat yn de haven fan Harns de cd, mei dêrop ek trije oare nûmers, oanbean oan it bestjoer fan Friesland Vaart. It liet giet oer in 'Wetterwicht', dêr't 100 boaten efteroan farre om har te pakken.