F-16 makket needlanding

© Omrop Fryslân
In F-16 hat tongersdei in needlanding makke op 'e Ljouwerter fleanbasis. It fleantúch fan de fleanbasis Volkel hie problemen mei it landingsgestel. Dat rekke skansearre by in trochstart.
Nei noch in koarte flucht makke it in needlanding op Ljouwert. De beide piloaten binne yn feilichheid brocht troch de helptsjinsten. It tastel is fan de baan takele. De landingsbaan hat gjin skea oprûn. De luchtmacht stelt in ûndersyk yn nei it ûngemak.