Digitale rekreaasjekaart fernijd
De provinsje hat de digitale rekreaasjekaart fernijd. De kaart is better tagonklik makke foar toeristen. Op de kaart steane lisplakken foar boaten, jachthavens, fytspaden en ek bygelyks fiskstekken.
Dêrneist steane ek alle fyts- en kuierroutes op de kaart, lykas oernachtingsmooglikheden. De gegevens wurde njonken toeristen ek in soad brûkt troch oerheden. De kaart is te finen op www.friesland.nl.