Gehoarapparaten foar East-Europa

© Omrop Fryslân
De Ljouwerter Lionsclub is begûn mei it sammeljen fan âlde gehoarapparaten foar bern yn Georgië en de Oekraïne. De aksje hat de namme 'Hulp voor kleine oren'. Alle apparaten binne wolkom.
De apparaten wurde earst neisjoen, sa nedich makke en oanpast oan de earen fan bern. De Ljouwerters binne op it idee broch troch in Dútske Lionsclub. Dy sammelet al jierren gehoarapparaten yn foar bern yn East-Europa.