Vitens ferfangt wettermjitters

19 maaie 2006 - 12:27

Vitens set dizze simmer út ein mei it ferfangen fan alle wettermjitters. De nije mjitters geane twa kear langer mei. Wa't de âldste mjitter yn 'e hûs hat, is it earst oan bar foar in nijen-ien.

It duorret noch wol tsien jier foar't elkenien in nije mjitter hat. It grutste foardiel fan de nije mjitters is dat der gjin meterstannen mear trochjûn hoege te wurden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)