Groep oppakt foar mishanneling

© Omrop Fryslân
De plysje op De Jouwer hat seis jonges oanholden yn ferbân mei de mishanneling fan in 20-jierrige jonge fan De Jouwer. De jonges binne yn de leeftydsgroep fan 16 oant en 22 jier.
Op sneintemoarn 7 maaie krige it slachtoffer yn de Midstrjitte op De Jouwer klappen yn it gesicht en waard er trape. Der moast in húsdokter oan te pas komme om de ferwûnings te behanneljen. Alle fertochten binne yntusken heard en wer frij litten.