Mécanique Vivante iepenet Oerol

19 maaie 2006 - 10:46

It Oerol festival op Skylge fiert dit jier it sulveren jubileum. Fan 16 oant en mei 25 juny komme der mear as 90 teatergroepen en keunstners nei it eilân en ek nochris 50 bands en dj's. It tema fan dit jier is Lânferhuzers.

It Frânske Mécanique Vivante sil de iepening fan it festival foar har rekken nimme. Se ha in saneamde Sirène ûntwikkele. It giet hjir dan om in akoestysk mjitynstrumint dat op ferskate toanhichtes lûd meitsje kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)