4 jier sel easke foar Febo-brân

© Omrop Fryslân
Tsjin de twa minsken, dy't derfan fertocht wurde sy de Febo yn Ljouwert yn 'e brân stutsen ha, is tongersdei fjouwer jier sel easke.
In tredde fertochte, dy't op de útkyk stie, moat neffens it Iepenbiere Ministearje twa jier de sel yn. De snackbar oan it Ruterskertier baarnde ferline jier folslein út. It die bliken dat de brân oanstutsen wie en dat der foar de brân jild stellen wie. De haadfertochten wiene Febomeiwurkers.