Wenningbou seit gearwurking op

© Omrop Fryslân
De direksje fan wenningbouferiening Smellingerlân seit de gearwurking mei de bewonersraad Fryslân op. Reden dêrfoar is dat de hierdersbelangengroep net mear mei de wenningbouferiening prate wol, om in skeel tusken beide op te lossen. It skeel giet oer in fúzje fan de wenningbouferiening mei fjouwer oare Fryske wenningstiftingen. De bewonersraad stapt nei de rjochter as de gearwurking opsein wurdt.