Moat scouting wike foar kampus?

© Omrop Fryslân
Grutte soargen foar Scoutinggroep "Schout-Bij-Nacht-Doorman" út Ljouwert. Se binne benaud dat der foar harren yn 'e takomst gjin plak mear is yn it Rengerspark. De scouts sitte al sa'n fyftich jier op dat plak, mar driigje no yn 'e knipe te kommen troch de plannen foar de Kenniskampus dêr.
It is de bedoeling dat der ûnder mear studintehûzen op it terrein boud wurde.