Gemeente: kleie oer roeken

18 maaie 2006 - 14:23

De gemeente It Hearrenfean ropt ynwenners op om mei klachten te kommen oer roeken. Op ferskate plakken yn de gemeente ha minsken lêst fan de bisten en der komme ek geregeld fersiken binnen om dêr wat oan te dwaan. De gemeente wol dat wol, mar mei dat net mei it each op de Flora- en Faunawet.

De gemeente hopet op genôch klachten fan ynwenners, sadat it reden hat om by it ministearje fan LNV te freegjen om fersoepeling fan de wet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)