Berkenbosch wint yn Veendam

© Omrop Fryslân
Maint Berkenbosch fan Aldeberkeap wûn woansdeitejûn it distriktskampioenkip tiidriden yn Veendam. Hy wie de sterkste by de elite-hurdfytsers.
By de beloften gong de noardlike titel nei Jenning Huizenga fan Frjentsjer. Rixt Meijer fan Drylts waard achter Daniëlle Bekkering twadde by de froulju. Bertine Spijkerman fan Sint Nyk einige as tredde.