Wim Stroetinga wint etappe
Hurdfytser Wim Stroetinga fan Aldeberkeap hat woansdei de fjirde etappe fan Olympia's Tour op syn namme skreaun. Hy wûn de sprint fan it peloton foar Evgeny Popov en Borut Bozic. De etappe gong oer 157 km fan Surhústerfean nei Hardenberg.
Stroetinga stiet yn it algemien klassemint fier achter lieder Niki Terpstra. Wol rydt hy yn de wite trui fan it sprintklassemint.