Gjin Fryske plaknammen Ljouwert

18 maaie 2006 - 09:43
Foto: Omrop Fryslân

It kolleezje fan B&W fan de gemeente Ljouwert wol de nammen fan de plakken yn de gemeente net ferfryskje. It bringt neffens de gemeente in protte rompslomp mei him mei. Sa moatte alle adressen wizige wurde.

Ek giet it nochal wat jild kostjen. It adres giet it om in bedrach fan 125 euro, dat betelle wurde moat oan TPG. Fierders moatte komboerden oanpast wurde. De totale kosten rinne op oant 50.000 euro.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)