Bokje stellen yn Koatstertille

© Omrop Fryslân
In bokje fan noch gjin twa dagen âld is moandeitenacht stellen fan in hoekje lân yn Koatstertille. Catrinus Nicolai hie it stamboekbokje en syn mem sneon nei bûten brocht. Sneins rûn it der noch gewoan, mar moandeitemoarn betiid wie it bokje fuort.
Om't de mem doe al net mear sa oerstjoer like, tinkt Nicolai dat it bokje al earder meinaam is. Hy hat oanjefte dien by de plysje. Ferline jier is by him ek in lângeit stellen.