Kolleezje Menameradiel rûn

© Omrop Fryslân
Menameradiel krijt dochs in kolleezje fan PvdA, FNP en GrienLinks. De VVD docht net mear mei. De partijen ha dêroer in akkoart berikt. Earder wie der ek in akkoart mei dizze partijen.
De leden fan de PvdA soargen lykwols foar in probleem doe't bliken die dat allinnich de FNP en GrienLinks in wethâlder leverje mochten. Der komme trije wethâlders yn it nije kolleezje. Hans Flaman is yn byld as kandidaat-wethâlder foar de PvdA.