'Waadjild ek foar lytsere saken'

© Omrop Fryslân
Deputearre Bijman en de Fryske Steaten fine it net akseptabel dat allinnich projekten dy't mear as in heal miljoen euro kostje, jild krije kinne út it Waadfûns. Dat waard woansdeitemoarn dúdlik op in gearkomste fan Provinsjale Steaten.
Fryslân hat in tal projekten dy't folle minder as in heal miljoen euro kostje. Yn it Waadfûns sit 800 miljoen euro as kompensaasje foar it boarjen nei gas yn de Waadsee.