Oanhâlding foar stekkerij yn azc

© Omrop Fryslân
De plysje hat woansdeitemoarn betiid in 18-jierrige bewenner fan it asylsikerssintrum yn Appelskea oanholden. Hy wurdt derfan fertocht dat er op 4 maaie in oare bewenner mei in mes yn de rêch stutsen hat.
Nei behanneling yn it sikehûs is it slachtoffer oerpleatst nei in oar asylsikerssintrum. De fertochte sit noch fêst. De plysje docht fierder ûndersyk nei de saak.