Oerlêst by buerthûs yn Ljouwert

17 maaie 2006 - 13:40

Jûns en yn de wykeinen is der by it buerthûs yn de Tjerk Hiddesstrjitte yn Ljouwert in soad oerlêst fan lûde muzyk en wyldpisjende manlju. De PvdA yn Ljouwert stelt it probleem ynkoarten oan de oarder yn de gemeenteried omdat it út de hân rint.

De partij wol wite oft de gemeente noch wol tasjocht op ôfspraken omtrint de eksploitaasje fan it buerthûs en oft der no ek stappen naam wurde om in ein te meitsjen oan de oerlêst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)