24 dielnimmers Saailân-wedstriid

© Omrop Fryslân
De priisfraach foar 'in better Saailân' hat 24 ynstjoerings opsmiten. De priisfraach is útskreaun troch de fjouwer opposysjepartijen yn Ljouwert, te witen de FNP, NLP, ChristenUnie en SP en de Ljouwerter biblioteek.
By de jeugd wiene 17 ynstjoerings en by de folwoeksenen sân. De priisfraach is bedoeld om it grutte publyk sjen te litten dat der mear mooglikheden binne om it plein op te knappen. De priisútrikking is no freed.