2,7 miljoen foar Jeugdhulp

17 maaie 2006 - 10:52

It Ryk stelt 2,7 miljoen euro ekstra beskikber om de wachtlisten yn de Fryske jeugdsoarch werom te bringen. Dat lit Jeugdhulp Fryslân wite yn har jierberjocht. It jild sil brûkt wurde foar de útwreiding fan kapasiteit yn de jeugdsoarch.

It oanfalsplan fan de provinsje Fryslân is om ein dit jier wachtlisten langer as njoggen wike fuortwurke te hawwen. Op 31 desimber ferline jier stiene der 170 bern op de wachtlist.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)