Fernuvering oer saak-Hirsi Ali

© Omrop Fryslân
Flechtlingewurk Fryslân is fernuvere oer hoe't VVD-Keamerleden reagearje op it plan fan minister Verdonk om Hirsi Ali har Nederlânske nasjonaliteit te ûntnimmen. Se hat altyd tajûn dat se in ferkearde namme en bertedatum opjûn hat om Nederlân yn te kommen.
De eardere VVD-freonen fan Hirsi Ali binne no yn rep en roer, benammen oer it feit dat Verdonk sa rap is mei it ynnimmen fan it paspoart. De IND is oars nea sa gau mei in beslút.