Selstraf easke foar berneporno

© Omrop Fryslân
Tsjin in man (45) út Haskerhoarne is tsien moanne selstraf easke mei trije ûnder betingst. Hy wurdt derfan fertocht berneporno fan ynternet helle te hawwen. It soe gean om mear as 75000 plaatsjes en 2500 filmkes.
De fertochte ûntkent dat er út wie op berneporno. Hy seit dat er socht nei pornografyske tekeningen. Neffens de offisier fan justysje is dêr gjin sprake fan, om't de man njoggen kear mei syn creditcard betelle hat.