'Beetstersweach: mear toerisme'

16 maaie 2006 - 18:42

Beetstersweach en omkriten moat mear toeristen lûke en dêrfoar moat jild op it kleed komme. Dat fynt de nije 'Stichting Bevordering Beetsterzwaag'. It jild moat komme fan de middenstânners, mar ek fan de gemeente Opsterlân.

Om mear minsken te lûken soene der bygelyks rûtekaarten, in ynternetside en ynfopanelen komme moatte. Moandei wie der in ynformaasjegearkomste foar ûndernimmers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)