Nij oerstekplak yn Frjentsjer

© Omrop Fryslân
It jeudparlemint fan de gemeente Frjentsjerteradiel hat derfoar soarge dat der in oerstekplak foar fytsers yn Frjentsjer komt. Boargemaster Haveman nimt it plak oan de Hertog van Saxenleane woansdei yn gebrûk.
It inisjatyf komt fan de gemeente en skoalmienskip Anna Maria van Schurman. Learlingen mochten mei ideeën komme. Dêrút ûntstie in jeugdparlemint dat de foarstellen behannele. De oerstek kaam as bêste út de bus.