Plysje: kontrôle by doarpsfeest

16 maaie 2006 - 17:54

De plysje sil de kommende tiid faker kontrolearje op alkohol by doarpsfeesten en keatswedstriden. By in alkoholkontrôle snein yn Dronryp waarden twa rydbewizen ynnommen. Yn Dronryp wie it it ôfrûne wykein doarpsfeest mei keatsen.

Der binne yn Dronryp 230 autobestjoerders kontrolearre. Seis fan harren hawwe in bon krigen omdat se mei tefolle drank op achter it stjoer sieten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)