No ek in SLAS-club yn Snits

16 maaie 2006 - 17:53

Snits hat no ek in Stichting Literêre Aktiviteiten. Ljouwert, It Hearrenfean en Drachten hawwe al jierren sokke clubs. Dy binne aktyf mei in soad súkses. Se sette byienkomsten op om in literêr tema hinne of noegje skiuwers út om oer harren wurk te fertellen.

Yn Snits binne de kommende tiid Ako- literatuerpriiswinner Jan Siebelink en skriuwer Guus Luijters te gast. Alle jierren wurde der fjouwer oant seis literêre gearkomsten hâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)