'Heger simmerpeil net skealik'

16 maaie 2006 - 15:55

Wetterskip Fryslân is posityf oer de provinsjeplannen om it wetterpeil yn de Fryske feangebieten simmerdeis te ferheegjen. Ut ûndersyk fan de provinsje docht bliken dat in heger wetterpeil lânbou gjin skea docht.

Der moat wol in fûns komme foar fundearringsproblemen, fynt it wetterskip. As de fûneminten boppe wetter lizze, kinne se begjinne te rotsjen. Ut it fûns moatte nije betonnen fûneminten betelle wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)