Quad oer de kop

© Omrop Fryslân
In 15-jierrige quad-bestjoerder is moandei yn Noardwâlde ferwûne rekke by in ûngelok. Twa plysje's seagen de jonge riden yn in stik greide oan de Dwarsvaartweg. Hy hie behoarlik wat snelheid en yn in bocht gie it mis.
De bestjoerder ferlear de macht oer it stjoer en sloech oer de kop. De jonge rekke ferwûne oan de hân en oan it skouder. Hy is nei it sikehûs yn Meppel brocht. In quad is in soart brommer op fjouwer tsjellen.