Priis foar Nynke Laverman

16 maaie 2006 - 15:34

Sjongeres Nynke Laverman hat moandei yn De Harmonie yn Ljouwert de Piter Jelles-priis krige foar it programma Sielesâlt. De útrikking barde op in ekstra foarstelling fan Laverman har nije programma De Maisfrou.

De Piter Jelles-priis wurdt ien kear yn de fjouwer jier takend oan ien dy't in soad foar de stêd betsjut. Sielesâlt, oer 'it libbensgefoel' fan de Ljouwerter dichter Slauerhoff, krige lanlik omtinken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)