Auto te wetter yn Kollumersweach

16 maaie 2006 - 13:45
Foto: Omrop Fryslân

In 21-jierrige autobestjoerder fan Kollumersweach is yn syn wenplak mei de auto yn de sleat bedarre. Twa foarbygongers hearden in lûde klap en seagen doe de auto yn de sleat lizzen.

Doe't de plysje kaam, wie de bestjoerder al fuort. In syktocht mei de help fan in plysjehûn smiet neat op. De plysje siket út wat der krekt bard is. De bestjoerder is útnoege foar in petear op it buro.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)