Lembek: rock-cd yn it Noardfrysk

16 maaie 2006 - 12:20

No freed wurdt yn Noardfryslân de alderearste rock-cd yn it Noardfrysk presintearre. De cd hjit 'Hoker as eentelk Annemarleen?'. It is in produkt fan de band Lembek út Hamburg mei de Noardfryske sjongeres Anna Meyer. Op de cd wurdt sawol yn it fêstewâlnoardfrysk (Frasch) as yn it Ferring fan it eilân Föhr songen.

De cd is meiprodusearre troch de Friisk foriining. Oant no ta wie der allinnich folkmuzyk yn it Noardfrysk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)