Untwerpers winne saak oer etiket

15 maaie 2006 - 23:15

De Groningse Stadsbrouwerij moat in oar etiket brûke foar har fleskes Kloosterbier. Dat hat de rjochter bepaald. Untwerpburo Weda út Ljouwert hie in koart pleit oanspand tsjin de brouwerij, fanwege de etiketten.

Weda hie in ûntwerp makke foar de etiketten, mar de bierbrouwer gie mei in oar buro yn see. De etiketten dy't no brûkt wurde, lykje lykwols in soad op it ûntwerp fan Weda. Dat fynt dat it auteursrjocht skeind is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)