De Jouwer bliuwt haadklasser

© Omrop Fryslân
Sportklup De Jouwer spilet ek takom jier wer yn de haadklasse. De Jousters wûnen snein thús mei 2-1 fan Appingedam dat ek foar liifsbehâld yn de haadklasse focht. Oane Hornstra skoarde twa kear foar de Jousters. Sân minuten foar tiid makke Appingedam 2-1 en waard it noch tige spannend.
Inkelde wiken ferlyn liken de Jousters noch ôf te gean op degradaasje. Ut de lêste 3 wedstriden hellen se lykwols 9 punten. Appingedam degradearret.