Nawijn wegeret Donner rapport

15 maaie 2006 - 16:41

Twadde Keamerlid Nawijn wegeret syn rapport oer de moard op Marianne Vaatstra oan minister Donner fan Justysje te jaan. Donner hie dêr om frege. Ofrûne freed sei Nawijn noch wol ree te wêzen it rapport te jaan. Neffens Nawijn kin Donner allinich in rapport krije dêr't alle sprekkers anonym yn makke binne. It keamerlid sei dit wykein op Omrop Fryslân tillevyzje noch dat hy twa mooglike dieders op it each hat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)