Nije roltreppen by V&D

15 maaie 2006 - 16:03

V&D yn Ljouwert hat ôfrûne wykein de seis roltreppen ferfongen. De âlde treppen wiene fersliten en wiene faak stikken.

Foar it pleatsen fan de nije treppen moast in gat yn de gevel makke wurde. Sneintemoarn om fiif oere hongen de nije treppen te plak, twa oeren letter draaiden se foar it earst. It ferfangen fan de treppen kostet 750.000 euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)