Libellereservaat yn Gaasterlân

© Omrop Fryslân
De kâns liket grut dat Gaasterlân in libellereservaat krijt. Dat seit Peter de Boer fan de Fryske libellewurkgroep De Hynstebiter. It soe it twadde libellereservaat fan Europa en it earste yn Nederlân wêze.
Der sitte no al in hiel soad libellen yn de sânôfgraving de Wyldemerk. Dêrby sitte ek hiele seldsume soarten dy 't in goeie beskerming fertsjinje. As de plannen trochgeane, wurdt it reservaat oer in jier iepene.