Skiermûntseach moaiste plak

© Omrop Fryslân
It Fryske waadeilân Skiermûntseach is it moaiste plak fan Nederlân. TV- sjoggers ha Skier sneon keazen, yn in NCRV-tillevyzjeprogramma.
Ambassadeur Sytze Schut fan it eilân hat him de ôfrûne tiid bot ynspand om reklame te meitsjen foar it eilân. Hy krijt 25.000 euro as priis. Dêr wol er in fûgelsjochhut foar bouwe, dêr't minder faliden ek yn te plak kinne. As werinnering oan it programma komt der ek in bankje earne op it eilân.