Nije spilers foar De Jouwer

© Omrop Fryslân
Sneinshaadklasser De Jouwer hat trije nije spilers oanlutsen. It giet om Roelof Koop fan earsteklasser BCV, Shander de Vries fan it belofteteam fan earste divyzjeklup Veendam en Ronald Boonstra fan AV Hearrenfean.
Earder al waard bekend dat Simon Brilstra, Alex Bosma, Robert Winter, Ernst Pieter Bantema en Zabih Etemadi takom jier foar de Jousters yn aksje komme. De Jouwer rekket ek spilers kwyt, lykas Johan Abma. Hy hâldt op.