Deadlik ûngemak by Ferwâlde

15 maaie 2006 - 14:07

In 26-jierrige man út Spijkenisse is sneintemoarn betiid by Ferwâlde ferûngelokke. De man siet yn de auto by in 27-jierrige man út Spijkenisse.

De bestjoerder wie neist de dyk rekke en yn de feart bedarre. Dêrby kaam er op in betonnen stuw telâne. De passazjier is op it plak fan it ûngemak sels ferstoarn. De bestjoerder is nei sikehûs yn Grins ta brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)