Skiep yn wenwyk Snits

14 maaie 2006 - 17:08

Yn Snits begjint moandei in keppel fan 250 skiep mei it koarthâlden fan it gers yn de wyk Duinterpen. Se beweidzje in ekologysk park fan 3,5 bunder. As de skiep dêr klear binne, geane se nei it Rasterhoffpark.

Foardiel fan dizze oanpak is dat it gers net meand en ôffierd hoecht te wurden. Boppedat soarget it beweidzjen derfoar dat der mear fariaasje ûntstiet yn de begroeiing fan de parken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)