Stekflam ferwûnet Wartenster

14 maaie 2006 - 14:23

In 34-jierrige ynwenner fan Warten is freed slim ferwûne rekke troch in stekflam. De man wie ôffal by syn hûs oan it ferbaarnen. Om it fjoer oan te krijen makke er gebrûk fan brânbere floeistof.

In grutte stekflam rekke de man yn it gesicht. Hy is mei de traumahelikopter nei it universitêr medysk sintrum yn Grins oerbrocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)