'Mear jild foar wettertoerisme'

14 maaie 2006 - 14:01

It giet min mei it wettersporttoerisme yn Fryslân. Foaral de jeugd komt net mear, en der moat folle mear jild stutsen wurde yn promoasje. Dat is de konklúzje fan in sympoasium sneon yn Heech oer de wettersport yn Fryslân.

Foaral de ferhier fan sylboatsjes rint achterút. De ûndernimmers meitsje har dêr soargen oer. Jild foar promoasje soe komme moatte fan de provinsje. Dy jout no 350.000 euro en dat soe folle mear wurde moatte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)