Soad mishannelings yn Ljouwert

14 maaie 2006 - 11:27

Ljouwert, Skylge en Snits stean yn de top-tsien fan oantal mishannelings yn de jierlikse misdied-mjitter fan it Algemeen Dagblad. Ljouwert stiet op it fjirde plak, Skylge op it njoggende en Snits op it tsiende plak.

Ljouwert stiet ek yn de list fan winkelstellerij (10e) en heling (8e). Weststellingwerf stiet tredde op de list fan heling. Yn de algemiene misdied top tsien fan it Algemeen Dagblad is Fryslân net fertsjinwurdige.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)